The Armor of God – De Wapenrusting van God (DUTCH-NEDERLANDS: Nije Fryske Bibeloersetting)

Armor of God 2d

DUTCH-NEDERLANDS: Nije Fryske Bibeloersetting

Ephesians (Efeziërs) 6:10-18

10 By einsluten, sykje jimme sterkte yn ’e Hear en syn grutte macht.

11 Ris jimme út mei alle wapens dy’t God jout, om de glûpske streken fan ’e duvel stean te kinnen.

12 Want ús striid giet net tsjin minsken fan fleis en bloed, mar tsjin ’e machthawwers, de oerheden, tsjin ’e wrâldbehearskers fan dizze tsjustere tiid, tsjin ’e boppe-ierdske kweageasten.

13 Gryp dêrom nei alle wapens dy’t God jout, om, as de kweade dei komt, jim ferwarre te kinnen en, nei’t jim de hiele opdracht útfierd hawwe, hoek te hâlden.

14 Stean dus klear. Doch de wierheid as gurle om ’e mul, lûk de gerjochtichheid oan as in harnas.

15 Mei oan ’e fuotten de reewilligens om it bliid boadskip oer de frede te bringen.

16 Draach dêr it leauwen by as skyld; dêr sille jimme alle gleone pylken fan ’e kweade mei doovje kinne.

17 Set it heil as in helm op ’e holle en nim as swurd fan ’e Geast it wurd fan God.

18 Bliuw by al jimme bidden en smeekjen freegjende troch de Geast. Wês dêrta altiten wach en jou it noait net oer. Bid altiten foar alle hilligen.

Leave a comment